Moandei 9 jannewaris 2012 kaam Jarno op´e wrâld. Rieneke wie by de befalling en hat de hiele kreamwike by ús west. Wat wie dat fijn en wat ha we in protte fan har leard. Alle oandacht foar Jarno, mar ek wy waarden ferwend. Tusken de middei stie eltse dei it waarm iten op tafel. Super! En lekker!
In gesellige wike en nei sa’n goeie start doarden wy it nei 8 dagen sels wol oan.
Rieneke bedankt foar dyn ynset!
Bert, Baukje en Jarno