< Terug naar overzicht

Anouk Groen

22 maart 2012 sette de befalling yn gong. De bedoeling wie om thús te befallen, dus sadwaande kaam Janke-Anna by ús. It leste part fan de befalling moast noch wol yn it sikehús, dus der is ús famke Anouk berne.

De oare deis mochten we nei hús, en der kaam Janke-Anna ek wer! Sels koe ik nei de befalling hast net rinne, en sadwaande wie ik wol beheind yn myn dwaan en litten. Dochs hat Janke-Anne der foar soarche dat ik sels sa folle moochlik de soarch foar ús famke op my nimme koe, as yn elts gefal der by belutsen waard. Hiel waardefol foar my! In hiel soad tips en advys hawwe wy fan har hân! Ús jonkje, Jelco, wie hielendal wiis mei Janke-Anna. Eltse moarn moasten de gerdinen iepen en freeche der: ’Anna, auto?’. Hy sil moarn wol efkes wenne moatte, want hjoed wie se, nei 10 moaie dagen, foar it lêst!

Nochris, tige tank foar dizze moaie kreamtiid!